Topdrokte by waskstrjitten troch oanslach fan sâlte diken

05 mrt 2018 - 12:48

Nei de winter fan ôfrûne wike wie it moandei fuort al smoardrok by de autowaskstrjitten yn de provinsje. Wat earder de pikel der ôf, wat better is it idee. By CarWash De Hemrik koene se de drokte wol oan, om't se sa'n 45 auto's yn 'e oere ferwurkje kinne. Dochs stie ek dêr geregeld in behoarlik tal auto's te wachtsjen. Neffens bedriuwslieder Johan Boersma is it in ritueel dat nei elke froastperioade plakfynt.

It binne dan ek benammen de programma's mei 'onderkantbewassing', dy't op dizze dagen keazen wurde. Ien fan de klanten wie krekt werom fan wintersport: "De auto hat bêst op de bealch hân, want we ha mei seis jongfolwoeksenen fuort west, no mei 'er eefkes ferpopke wurde."

Trefwurden: 
waskstrjitte
(advertinsje)