Spannende tiden by Smeding nei de oername fan Emté

Wurknimmers by Smeding dogge fysyk wurk
It binne spannende tiden foar griente- en fruitleveransier Smeding út Sint-Anne. Smeding is de haadleveransier fan sa'n 130 Emté supermerken yn it easten en suden fan Nederlân. En dy winkels wurde troch eigener Sligro ferkocht oan de supermerkbedriuwen Jumbo en Coöp. Dat is moandei bekend makke. It is noch net dúdlik wat dit betsjut foar de wurkgelegenheid by Smeding.
Petearen
Smeding sels wol noch net op de foarnommen oername reagearje. Wurdfierder Wilco Jansen fan Sligro docht dat wol mar kin noch net folle sizze. Neffens him sil der yn de ûnderhannelingen mei Jumbo en Coöp soarchfâldich sjoen wurde nei de rol fan Smeding by Emté. Ek jout hy in foardiel fan de ferkeap oan. Yn de oername is fêstlein dat Sligro alle leverânsjes fan de La Place restaurants oernimt. Smeding nimt dêrfan it griente- en fruitpart foar syn rekken.
Goeie relaasje
By Smeding wurkje yn totaal sa'n 500 minsken, wêrfan't fierwei it grutste part yn Sint-Anne oan it wurk is. Sligro en Smeding wurkje al jierrenlang mei-inoar, en sûnt sawat tsien jier hat Sligro in belang fan 49 persint yn Smeding.
Smeding leveret njonken oan Emté ûnder oaren ek noch oan de Spar, Center Parcs, it MCL yn Ljouwert en oan sa'n sântûzen hoareka- en soarchynstellingen.