Partij voor de Dieren hat noed oer plan boarjen nei stoom

05 mrt 2018 - 11:41

De steatefraksje fan de Partij voor de Dieren is tsjin plannen fan suvelbedriuwen FrieslandCampina yn Ljouwert en A-ware op It Hearrenfean om stoom út de boaiem te heljen. De risiko's fan it boarjen en 'fracking' dy't hjirfoar nedich binne, neamt de partij te grut en ûntalitber. Foar Ljouwert betsjut it dat it bedriuw binnen de bebouwing oant 5 kilometer djip boarje moat.

De provinsje hat ferline jier in posityf advys jûn oer de oanfraach fan FrieslandCampina. De Partij voor de Dieren wol no witte wêrom't de provinsje dat dien hat, sjoen de grutte risiko's.

(advertinsje)