Hurdrider en fandalen hâlde plysje dwaande

Plysje © ANP
In 47-jierrige Ljouwerter is sneintejûn op de Wâldwei oanhâlden nei't hy by Goutum in plysjeauto mei hege snelhyd ynhelle. De plysjes setten fuortendaliks de mjitapparatuer oan en seagen dat de man 26 kilometer te hurd ried. Hy krige der in boete foar. Ek krige er in print om't er syn rydbewiis net sjenlitte woe.
Fernielerij
De plysje hie it fierder dit wykein drok mei ferskate gefallen fan fernielerij. Sa waard moandeitemoarn in 22-jierrige Ljouwerter oanhâlden nei't er op de Skrâns yn syn wenplak in bushokje fernield hie. De man naaide út, mar koe mei help fan tsjûgen oanhâlden wurde. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.
Yn Snits siket de plysje noch nei in fytser dy't yn de nacht fan sneon op snein yn de Bloemstrjitte de spegels fan twa auto's trape. De man fytste dêrnei troch yn de rjochting fan de tunnel. De plysje freget tsjûgen om har te melden.