Rumag: 1,4 miljoen folgers troch kwoots

05 mrt 2018 - 11:46

Rumag is ien fan de measte folge platfoarms fan Nederlân. De eigener fan Rumag, Danny Membre, komt út Ljouwert en is alle dagen dwaande om nije folgers te finen en te hâlden.

Rumag wie earst in online magazine mei in blog oer relaasjes en leafdesproblemen, mei de namme RUde MAGazine. It wie net sa'n sukses, mar de plaatsjes mei kwoots út de blogs wol. Kwoots as: "Ik wil geen gevoelens, ik wil nieuwe kleren" of "Mijn vriend kan toveren, zijn fouten zijn opeens de mijne", sprekke foaral jonge froulju oan. Se pleatse reaksjes by de teksten, diele it mei freonen en ha derfoar soarge dat Rumag in bedriuw wurde koe.

Lifestyle

"Ik kwam bij Rumag toen het net populair aan het worden was en had het plan om er een echt 'lifestyle' merk van te maken. Kleding, feesten en samenwerking met artiesten. Zo zijn we verder gegaan", seit Danny Membre. En dat is slagge. Der is besletten om de kwoots mear op sosjale media te fersprieden. Binnen in pear dagen hienen se tsientûzen likes en nei in moanne sa'n hûnderttûzen. Troch Membre syn netwerk en ûnderfining by Club Red (dêr wie er eigener) hie er binnen in jier fan Rumag in bedriuw makke, mei ien miljoen folgers yn 2015.

It wie earst noch mar de fraach oft dizze folgers bliuwe soenen: "Ik was bang dat Rumag een eendagsvlieg zou zijn. Dat is wel iets dat past bij de doelgroep, vrouwen van 18 tot 24 jaar. Het is een doelgroep die snel van mening verandert en niet echt loyaal is", seit Danny Membre. Mar dat is net it gefal is Rumag, sa docht bliken.

Geheim

It geheim fan it merk is neffens Danny Membre werkenberheid, dat stiet op nûmer ien. "De teksten moet herkenbaar zijn, een beetje grof en als het even kan seksueel getint. Het zijn teksten, die de meeste mensen denken, maar niet durven te zeggen." Der is in team fan 100 bloggers dat fergees de teksten oanleveret. Wa't dat krekt binne, wol er net sizze. "Je kan het vergelijken met een toprestaurant, dat zal ook niet zijn geheime ingrediënt weggeven."

De grins

Polityk, godstsjinst en sykte binne in pear ûnderwerpen dy'tst net tsjinkomst by Rumag. Mar se sykje mei harren teksten wol in grins op. Yn septimber ha se bygelyks in foto pleatst fan in shirt mei dêrop 'sterf'. Dêr ha se in soad lilke reaksjes op krigen fan minsken, dy't fine dat se te fier gean. Neffens Danny Membre fokusje se harren foaral op entertainment, net te serieus. "We willen geen verdeeldheid creëren en zo veel mogelijk jongeren aanspreken. Maar we zullen nooit bewust kwetsende dingen gebruiken."

(advertinsje)