Dûkers en plysje sykje fierder nei fermiste man Ingwierrum

05 mrt 2018 - 11:10
  • Syktocht nei fermiste man

De plysje siket moandei op 'e nij nei de 55-jierrige Bart Goeree út Ulrum, Grinslân. Syn auto waard snein fûn yn Ingwierrum. Der wurdt in team fan dûkers ynset en ek in sonarboat. De plysje siket yn it wetter tusken Ingwierrum en Dokkumer Nije Silen.

Syn swarte Peugeot 308 waard fûn yn Ingwierrum, de plysje siket dêrom yn de omjouwing fan Dokkumer Nije Silen nei de fermiste man. Oft der moandei wer frijwilligers binne dy't mei sykje, is net dúdlik.

Trefwurden: 
syktocht Ulrum Ingwierrum
(advertinsje)