IIsbûn: "Dizze froastperioade jout hoop foar de takomst"

De koarte froastperioade fan ôfrûne wike jout iismaster Sytse Kroes fan it Frysk IIsbûn wer hoop op in takomstige strange winter. "As it yn maart kin, dan kin it yn jannewaris, desimber en febrewaris ek!"
It iisbûn hat it yn de ôfrûne dagen smoardrok hân om alles yn goede banen te lieden. "Wy moasten de boel goed folgje," sa fertelt Kroes, "om't wy witte dat de iisperioaden tsjintwurdich faak koart binne, wolle wy der alles oan dwaan om dochs op redens te kommen." It iisbûn hat ûnder oare in digitale kaart, dêr't minsken op sjen kinne wêr't sy fertroud ride kinne.
IIskwaliteit
Dit betsjut lykwols net dat de iismaster it riden oan him foarbygean litte moast. "Ik mei it fjild graach ferkenne op redens, dus ik haw wol op 'en paad west om te sjen hoe't alles derby leit." Sa wie er ôfrûne sneon noch op redens by Earnewâld. It iis lei der hjir, nettsjinsteande de wynwekken fan earder yn 'e wike, goed by. Mar de koarte froastperioade hie ek as gefolch dat in soad minsken tagelyk it iis opsochten. "Yn Earnewâld seagen jo dat ûnder de druk fan it publyk it iis ek wol fluch minder waard."
Skande
It gefoel dat nei dizze koarte iiswike by Kroes oerhearsket, is benammen weemoed. "It iis lei der sa moai hinne, dat it skande is dat it net eefkes trochbakke koe."