Kollum: "De frije loop"

05 mrt 2018 - 07:25
  • Doutzen komt op Flylân yn aksje tsjin plestik sop
  • De Toan fan Nynke van der Zee

"Dêr't elkenien yn Fryslân it de ôfrûne wike smoardrok hie mei it iis op de Jan Durkspolder en de Iselmar hiene se it yn Flevolân smoardrok mei de Oostvaardersplassen. Net om derop te riden mar fanwege de bisten dy't dêr krepearje no mei de strange winter. Op twitter wiene de hashtags #Flevoland en #Oostvaardersplassen trending. Tûzenen en tûzenen minsken wiene poerrazend op de provinsje Flevolân en Steatsboskbehear, om't se bisten yn natuergebiet De Oostvaardersplassen ferhongerje litte. De provinsje en de boskwachters seine op harren beurt dat dit no ienris de natuer is. De sterkste bisten oerwinterje en de swakkeren stjerre út. Al rap ûntstie der in felle diskusje tusken beide kampen.

In ferhaal hat altyd twa kanten, learde ik by sjoernalistyk. Soms sels wol trije of fjouwer. Mar yn dit gefal binne it der dúdlik twa. De earste is dy fan de provinsje Flevolân en Steatsboskbehear, dy't fine dat dit no ienris de wetten fan de natuer binne. En dêr sit seker in kearn fan wierheid yn. Yn de natuer is it yndie sa dat swakkere bisten yn de winter deagean om't se gewoanwei net sterk genôch binne. Dêrmei hâldt de natuer in bytsje in 'grote schoonmaak' foar't de maitiid wer begjint. Op himsels net ferkeard, al is it wol wat hurd. Mar sa is de natuer: dêr jildt it rjocht fan de sterkste.

De oare kant fan it ferhaal is dat de Oostvaardersplassen fansels hielendal net echt 'natuergebiet' is. Der sit ommers in stek omhinne. Bisten dy't der tahâlde, hawwe dus mar in beheind gebiet om yn te libjen. En as it fretten op is yn dat gebiet, dan is it 'jammer maar helaas'. En krekt dêryn sit him de kearn fan dit probleem. Wy hawwe in stik natuergebiet makke dat eins te lyts is. Of krekt oarsom: it gebiet is grut genôch mar der binne tefolle bisten. Yn de winter wurdt alles kealfretten, wêrtroch't der in drûge toendra ûntstiet. In sânflakte dêr't gjin gerske mear te finen is.

It gefolch hawwe wy sjoen: bisten dy't massaal stjerre fan de honger. En ek al is dit dan de natuer: dit heart sa net. Ast de plaatsjes sjochst dan kinst net oars konkludearje as dat wy as minsken in ferkearde berekkening makke hawwe. Der hie earder yngrypt wurde moatten as it giet om oantallen. Der binne gewoan tefolle hynders, herten en hoarnbisten foar sa'n lyts gebiet. Seker no yn de winter is der net genôch fretten foar al dy bisten. En dan kinst wol roppe: dat is no ienris de natuer. Mar yn de natuer steane gjin stekken. Dêr kinne kuddes op syk gean nei nij fretten. Dat kin hjir net.

Doe't de earste foto's nei bûten kamen fan al dy shovels en gripers dy't deade bisten ôffierden, doe waarden de minsken yn Nederlân lilk. Yn in dei tiid waard der in aksje op tou set. Minsken rieden sels mei heapakjes nei Flevolân om de bisten eigenhannich by de fuorjen. 'Net dwaan!' rôp Steatsboskbehear. Net fuorje. Al dat hea is te fezelryk en dêrtroch net goed foar de bisten. Boppedat soe dit allinnich goed wêze foar de sterkste eksimplaren en soene de swakkere úthongere skeletsjes gjin hap krije.

Wa't wol stikem byfuorre, koe in boete krije. Dêr waard Nederlân noch lilker fan. In boete; wat no! En dus waard der flokt en tjirre tsjin boskwachters, dy't ek mar gewoan harren wurk besochten te dwaan. Uteinlik swichte de provinsje en joech Steatsboskbehear de opdracht om dochs by te fuorjen. Nederlân koe ferromme sykhelje. It kaam dochs noch goed mei al ús bistjes. 'Eind goed, al goed', soest tinke.

Mar takom jier hawwe wy wer itselde probleem. Dus dêrom liket it my ferstannich dat al dy behearders ris by elkoar om tafel komme. Hoe pakke we dit oan? Wêr giet it mis? Moatte wy miskien dochs yngripe yn de natuer troch bisten te sterilisearjen? Of is ôfsjitte de bêste opsje? Fansels, dat is net sa't it yn de natuer giet, mar it argumint dat úthongerje wol de natuer is, dat giet neffens my foar de Oostvaardersplassen net op. Wa't de natuer de frije rin jaan wol, moat de bisten dêryn ek de frije rin jaan."

(advertinsje)