Gjin Oscar foar grimeur Arjen Tuiten

05 mrt 2018 - 06:24

Grimeur Arjen Tuiten hat yn de nacht fan snein op moandei gjin Oscar krigen foar syn wurk foar de film Wonder. De 37-jierrige Fries fan De Jouwer moast syn meardere erkene yn de Japanner Kazuhiro Tsjuji, dy't it byldsje krige foar syn wurk foar de film Darkest Hour oer Winston Churchill.

It wie foar it earst dat der in Nederlanner nominearre wie yn de kategory bêste make-up. De Nederlânske kameraman Hoyte van Hoytema, dy't nominearre wie foar syn wurk foar de film Dunkirk, is ek bûten de Oscars fallen. Yn it foar hie Tuiten al sein dat er de nominaasje ek tige prachtich fûn. "Al soe it by in nominaasje bliuwe, dan noch hast ek dy titel foar de rest fan dyn libben."

(advertinsje)