Drachten omtsjoend yn kleuren De Stijl

05 mrt 2018 - 06:14

It sintrum fan Drachten wurdt moandei omtsjoend yn de kleuren fan keunststreaming De Stijl. De etalaazjes fan sa'n tweintich winkels sille har produkten presintearje yn de primêre kleuren giel, read en blau fan De Stijl. Dêrmei wurdt Drachten in "stijlwarenhuis". It past allegear yn it Kulturele Haadstêd-ferhaal. De kleure 'Stijlwinkels' binne oant en mei april te sjen. De rûte rint fan Museum Dr8888 fia it Friese Schathuis rjochting it noarden fan it sintrum.

"Er is verbazingwekkend veel animo bij de ondernemers," fertelt Paulo Martina, direkteur fan Museum Dr8888. Ferline jier wienen der ek al tal fan aktiviteiten yn it ramt fan De Stijl dy't doe 100 jier bestie, lykas klean en bonbons yn de kleuren fan De Stijl. "Dat was toen tijdelijk, maar nu willen we Drachten permanent verbinden aan De Stijl, omdat het met een van de grondleggers Theo van Doesburg een deel van de identiteit van Drachten is. Het maakt het aantrekkelijk voor bezoekers dat ze het niet alleen binnen de muren van het museum kunnen beleven, maar ook daarbuiten."

(advertinsje)