Beetstersweach hat dé kulturele Haadstrjitte fan Europa

De Haadstrjitte fan Beetstersweach is sûnt sneintemiddei offisjeel 'kulturele Haadstrjitte' fan Europa. De ûntbleating fan it byhearrende boerd waard dien troch boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân, tegearre mei de Frânske gast George Homs út Cannes, de partnerstêd fan Beetstersweach.
Tinco Lycklama à Nijeholt
Foaral út dy stêd komme letter dit jier in soad gasten nei Beetstersweach fanwegen de histoaryske bân troch Sweachster Tinco Lycklama à Nijeholt, dy't yn de 19e iuw nei Cannes ferhuze en dêr in belangryk man waard. Yn juny wurdt de útstalling oer dizze Fryske jonker, dy't it yn Cannes makke, yn Beetstersweach iepene. It is it doel dat de kulturele gearwurking mei de stêd oan de Middellânske See ek nei 2018 bestean bliuwt. Neffens George Homs kin it grutte Cannes in soad fan it lytse Beetsterweach leare, lykas bygelyks it mienskipsgefoel.
Byldzjende keunst, muzyk en lekker ite
It hiele jier troch is der op 'e Sweach in soad te belibjen op foaral it mêd fan byldzjende keunst, muzyk en lekker ite. Nei de offisjele iepening wie der snein fuortendaliks in earste 'kulturele priuwerij', dêr't alle galeryen oan meidiene.
Ympuls
De kulturele Haadstrjitte wurdt mei mooglik makke troch it pleatslike bedriuwslibben en de gemeente. It doel fan de Kulturele Haadstrjitte is om it doarp in toeristyske en ekonomyske ympuls te jaan. Foar leechsteande winkelpannen en oare huzen oan de Haadstrjitte wurdt aktyf in tydlike of permaninte nije bestimming socht, bygelyks yn de foarm fan in pop-up galery.
Tefolle auto's
Njonken in soad galeryen, monumintale gebouwen en restaurants hat de kulturele Haadstrjitte ek noch in probleem yn de foarm fan tefolle auto's. Om dêr de faasje wat út te heljen hie de Haadstrjitte snein in pear ekstra net-offisjele sebrapaden krigen. Ek waard alle besikers oan de yngong fan it doarp frege om de snelheid oan te passen.