Jasper Brunsmann njoggende by WK shorttrack foar junioaren

Jasper Brunsmann © AWfoto
Jasper Brunsmann fan Twellingea is snein njoggende wurden op it wrâldkampioenskip shorttrack foar junioaren yn Poalen. Syn bêste resultaat wie de winst yn de B-finale op de 500 meter. Hy waard dêryn fiifde. Op de 1.500 en 1.000 meter waard Brunsmann yn de heale finale útskeakele. Op de 1.000 meter waard hy tredde yn de B-finale. Foarich jier waard er ek njoggende yn it einklassemint. Bêste Nederlanner wie Friso Emons mei in achtste plak. Mei de ôflossingsploech einige Brunsmann as tredde efter Japan en Ruslân.
Gioya Lancee
Gioya Lancee fan It Hearrenfean wie by de froulju de iennige út Fryslân dy't meidie. Se ried allinnich de ôflossing en waard yn de heale finale útskeakele. Yn de B-finale waarden de Nederlânske froulju earste. Xandra Velzeboer wie de bêste Nederlânner yn it klassemint mei in fiifde plak.