Flyers berikke heale finale play-offs BeNe-league

UNIS Flyers © Martin de Jong
De UNIS Flyers hawwe snein de heale finale berikt fan de play-offs yn de BeNe-league. Dat diene se troch ek de twadde kwartfinalewedstriid te winnen fan Amsterdam Tigers. Yn de Jaap Edenhal yn Amsterdam waard it 5-4 foar de Feanster iishockeyers. De perioadestannen wienen 2-0, 1-4 en 1-1. Adam Bezak makke in hattrick foar de Flyers.
Amsterdam wie de boppelizzende partij yn de earste perioade en kaam op foarsprong troch goals fan Michael Mackie-kwist en Jozef Hutar. Yn de twadde perioade kamen de Flyers sterk werom. Adam Bezak wie de grutte man mei mar leafst trije doelpunten. Ek Pippo Limnell skoarde foar de Flyers, dy't troch de fjouwer goals op in 4-3 foarsprong kamen. Yn de lêste perioade waard it noch spannend doe't Amsterdam de lykmakker makke. Yan Turcotte foarkaam overtime troch de 5-4 op tiid feilich te stellen.
De earste kwartfinalewedstriid yn Thialf einige freed yn in 5-1 oerwinning foar de Flyers.