Friezinnen gripe neist titel Miss Boerin 2018

04 mrt 2018 - 18:35

De twa Fryske kandidaten yn de finale fan de Miss Boerin-ferkiezing 2018 hawwe njonken de titel grypt. Irene Spoelstra fan Sigerswâld waard twadde. De oare Fryske kandidate yn de finale wie Margriet van Dijk fan Beetstersweach. De titel gie nei Julia Kurvers út Limboarch. Der stiene dit jier njoggen jonge boerinnen yn de finale. 

De dielnimmers skitteren op de catwalk yn in jurk én yn in overal. Dêrnei mochten se de agraryske sektor op eigen wize promoatsje.

(advertinsje)