Stroetinga alfde op koppelkoers by WK baanhurdfytsen

Wim Stroetinga (hjir yn in oare wedstriid) - Foto: ANP

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is snein alfde wurden op de koppelkoers by it WK baanhurdfytsen yn Apeldoorn. Tegearre mei Roy Pieters koe er it lang net oprêde tsjin de konkurrinsje. De Dútsers Kluge en Reinhardt wûnen it goud. It sulver wie foar Torres en Mora út Spanje en de Australiërs Meyer en Scotson wûnen brûns.

Tongersdei waard Stroetinga sechsde op it ûnderdiel scratch.

04 mrt 2018 - 17:29
(advertinsje)