Syktocht nei fermiste man by Ingwierrum

Plysjes sykje yn it wetter by de âlde slûs fan Dokkumer Nije Silen - Foto: De Vries Media

De plysje siket sneintemiddei nei in fermiste man by Ingwierrum. Dêrby wurdt ek in plysjehelikopter ynset. De fermiste man komt út it Grinslanner Ulrum en wurdt fermist sûnt sneon. Syn auto waard snein yn Ingwierrum fûn, wêrtroch't de plysje tinkt dat er yn de omkriten wêze kinne soe. Njonken de plysje soene ek frijwilligers oan it sykjen wêzen yn it gebiet.

04 mrt 2018 - 17:03
(advertinsje)