UPDATE: Brân natuergebiet Fochtelerfean ûnder kontrôle

Yn it natuergebiet Fochtelerfean is sneintemiddei om fjouwer oere hinne in grutte brân útbrutsen. De brânwacht is mei twa tankautospuiten en meardere wetterweinen útriden foar de brân, omdat it op it stuit tige drûch is yn it natuergebiet en fanwegen de rjochting fan de wyn. Om fiif oere hinne joech de brânwacht it sein brân master. Der wurdt mei wetterweinen noch hinne en wer riden om nei te blussen. In gebiet fan 100 by 200 meter is ôfbaarnd.
Amerikaanske metoade
De brân yn it fean by De Fochtel is bestriden troch de brânwacht fan Appelskea en fan Feanhuzen yn Drinte. De brânwacht fan Appelskea hie de ôfrûne wike krekt oefene op in nije Amerikaanske metoade foar it bestriden fan brân yn natuergebieten en koe dy kennis no gelyk tapasse. Dizze metoade hat fertuten dien, fynt wurdfierder fan de brânwacht Jan Willem Zwart.
Natuermonuminten
Natuermonuminten is tige te sprekken oer it rappe yngripen troch de brânwacht. Dêrtroch gie mar in heale bunder oan heechfean ferlern. De brân hie by minder fluch yngripen foar in soad skea soargje kinnen. Ek in bjirkebosk flakby it plak fan de brân bleau sparre. It fjoer waard as earste sjoen troch in fûgelwachter, dy't fuortendaliks de helptsjinsten ynskeakele.