Pizzakoerier oerfallen yn Ljouwert

Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert is op syk tsjûgen fan in strjitrôf yn de Schapestraat. Op sneontejûn om njoggen oere hinne waard dêr in pizzakoerier oerfallen. De dieder is nei de rôf útnaaid. De pizzakoerier hat de dieder noch efterfolge, mar ferlear him by de Schoppenhofstraat út it each. Hy hat oanjefte dien by de plysje.

De fertochte is tusken de tweintich en tritich jier âld, 1.75-1.80 meter lang, hat in Surinaamsk/Antilliaansk uterlik, swart opskeard hier en hie in swarte learen jas en in spikerbroek oan. De plysje freget tsjûgen kontakt op te nimmen as sy mear witte oer de oerfal.

04 mrt 2018 - 15:45
(advertinsje)