Koarte stroomsteuring yn Dokkum
Yn Dokkum hat sneintemiddei koart in stroomsteuring west, meldt Liander. It gie om fiif postkoadegebieten. Yn it sikehûs die de lift it net fanwege de steuring. De brânwacht wie derhinne om de persoan(en) yn de lift te befrijen.