PVV'er Harrie Graansma wol online referinda ynfiere

De PVV Achtkarspelen wol online referinda yn de gemeente ynfiere. Neffens listlûker Harrie Graansma is dat in bettere wize fan lokale polityk bedriuwe. Dat sei er yn it nijsfoarum fan Buro de Vries snein. Oer wichtige saken soene de ynwenners fan de gemeente harren miening tusken de ferkiezings jaan moatte. De partijen yn de ried soene har belied dêr dan op basearje moatte.
Neffens Graansma is it in helbere kaart en hoecht it net in hiel soad te kostjen. Uteinlik fynt Graansma dat it hiele politike stelsel mei partijen sa't it no is ôfskaft wurde kin en dat de befolking fia referinda it belied bepale kin.