Keunst helpt by it yn stân hâlden fan doarpsmienskippen

04 mrt 2018 - 13:34
  • Gwenda van der Vaart

Keunst kin helpe by it yn stân hâlden fan doarpsmienskippen. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk fan Gwenda van der Vaart, ûndersiker fan de Rijksuniversiteit Grins. Se fertelde der sneintemoarn oer yn Buro de Vries. Ut har ûndersyk docht bliken dat keunst fan wearde wêze kin foar in mienskip. Der giet in binende faktor fanút. Der soe mear mei dien wurde kinne om de leefberens better te krijen en krimp dêrtroch tsjin te gean.

Van der Vaart hat Penjum as ûndersyksgebiet hân. Yn dat doarp wenje in protte keunstners. Se hat mei de doarpsbewenners praat oer it libben yn it doarp en wat de ynfloed fan keunst is. Ek hat se workshops mei de lokale befolking dien.

In oar foarbyld fan in positive ynfloed fan keunstprojekten yn in doarp is Kimswert. Dêr hat de Peergroup mei minsken út it doarp Grutte Pier spile. Trije foarstellingen ferdield oer trije jier yn en om it doarp soargen foar sosjale ferbining en kontakten. Minsken seine dat se grutsk wiene op harren doarp en wat se foar mekoar krigen mei it stik.

Op 26 maart ferdigenet se har proefskrift.

(advertinsje)