Wês wach op natueriis: mindere kwaliteit troch teiwaar

04 mrt 2018 - 11:51
  • Reedride op de Bonkefeart mei teiwaar - Fideo: Lysbeth Hoekstra

De tastân fan it natueriis yn ús provinsje wurdt sneintemiddei hurd minder. Der wurdt hjir en dêr noch manmachtich riden, mar it teiwaar soarget derfoar dat soks wol riskant oan it wurden is. Ferskate iisbanen, lykas dy fan Hylpen, binne yntusken sletten.

Sawol de plysje as de Veiligheidsregio wolle riders noch net ferbiede om it natueriis op te gean, ek giet der gjin algemiene warskôging út, mar minsken wurde wol oanret om hiel foarsichtich te wêzen. De temperatueren bliuwe snein boppe nul, sneintejûn krije we reinwetter, letter op dei geane de gemalen wer oan en moandei wurdt it farferbod opheft.

Trefwurden: 
iis teiwaar
(advertinsje)