Tsjong Iepen Poadium hâldt nei mear as 30 jier op

04 mrt 2018 - 11:42

Tsjong Iepen Poadium hâldt nei mear as tritich jier op mei it organisearjen fan de Tsjongjûnen. Tsjong Iepen Poadium is ûntstien út Tsjoch (feriening fan Fryske folksmuzikanten) en bea begjinnend talint in poadium. De allerlêste jûn is sneon 17 maart.

Foar guon dielnimmers wie it poadium fan Tsjong in test om har poadiumeangst te oerwinnen of om te sjen wat it publyk derfan fûn. Dielnimmers as Gurbe Douwstra, Bauke van der Woude, Grytsje Kingma, Iris Kroes, Lammert van der Velde, de Titelroaskes en Duo Ferbean setten har earste stappen by Tsjong. Muzyk, toaniel, kabaret, foardrachten en dûns kamen allegear foarby.

Hieltyd mear kulturele sintra biede begjinnende artysten de gelegenheid om op te treden. Dêrom kamen der hieltyd minder dielnimmers en minder publyk nei de Tsjongjûnen. No't Tsjoch ek opheft is, is it ek tiid om mei Tsjong op te hâlden. "Us tiid hat west, wy ha it mei in soad wille dien, en kinne weromsjen op in moaie tiid", seit foarsitter Minke Hart. "Troch de jierren hinne ha in soad artysten en frijwilligers bydroegen oan it sukses fan de Tsjongjûnen." 

De lêste jûn is yn De Skippersseal yn Aldegea (Smellingerlân). Artysten fan de earste oere Nanne en Ankie dogge dan mei.

(advertinsje)