Brân yn sauna yn Koartsweagen: besikers binne derút

04 mrt 2018 - 10:39

Yn in sauna yn Koartsweagen hat sneintemoarn koart brân west. Alle besikers wienen ûnderwilens al út it gebou. De sauna sit yn it Sportcentrum Kortezwaag, oan de Mientewei. De brânwacht hie de brân opskaald nei middelbrân en wie mei meardere ienheden yn aksje. De korpsen fan De Gordyk en Jobbegea ha oan it blussen west.

Der kaam in soad reek frij by de brân. Al frij gau koe de brânwacht it sein 'brand meester' jaan.

Trefwurden: 
brân sauna Koartsweagen
(advertinsje)