FK kretsjeskowe op Jouster grêft

Op De Jouwer is sneon it FK kretsjeskowen op it iis fan de grêft hâlden. Mathijs van der Poel kaam op it idee doe't er mei in pear maten yn de kroech siet. "We seagen dat it iis yn de Kolk wol hâlde en ynspirearre troch curling op de Olympyske Spelen kamen we op dit idee," fertelt Mathijs van der Poel. Se pleatsten in oprop en 15 teams, fan elk trije man, skreaunen har yn. Se makken in echte baan mei ferskate sirkels, lykas by curling, en fansels wienen der ek biezems.
"Elk team krige seis bierkretsjes mei lege fleskes, de iene read en de oare grien." De dielnimmers kamen rûnom wei. Om't skiedsrjochter Ruurd Schaaf de hiele middei op it iis stean moast, wie in terrasferwaarmer op it iis set. "Op it lêst kaam dêr wol in plasse wetter op it iis te lizzen."
De finale gie tusken in wat âlder team en in jeugdteam. De winners krigen it ynskriuwjild fan alle teams. "It wie in sukses, der stienen tink ik wol sa'n hûndert man op de kant te sjen. It is wol foar werhelling fetber."