Marrit Leenstra 4de en Letitia de Jong 8ste op WK sprint

Marrit Leenstra yn Pyeongchang - Foto: ANP

Op it WK sprint yn Sina is Marrit Leenstra fjirde wurden. Letitia de Jong kaam yn it klassemint nei fjouwer ôfstannen op it achtste plak út.

Jorien ter Mors is wrâldkampioen wurden. Se liet har op de lêste 1000 meter net mear ferrasse en wûn de rit mei in tiid fan 1.15.19. De nûmer ien, Nao Kodaira út Japan, luts har foar de lêste rit siik werom.

04 mrt 2018 - 12:00
(advertinsje)