Plysje drok mei dwerse stappers yn Ljouwert

04 mrt 2018 - 07:48

De plysje yn Ljouwert hat it, nettsjinsteande de kjeld, sneontenacht drok hân mei stappers. In portier fan in ytgelegenheid op it Ruterskertier krige in fûstslach yn it gesicht, doe't er foar syn saak twa partijen út elkoar helje woe. De plysje hat in 37-jierrige ynwenner fan de gemeente Waadhoeke oanhâlden.

In 28-jierige Ljouwerter is oanhâlden yn in kafee op it Grut Skavernek, wylst dy persoan in kollektive hoareka-ûntsizzing hie oant jannewaris 2020. In oare, ek 28-jierrige, Ljouwerter is foar de sande kear oanhâlden nei't de persoan mei in binnenstedsferbod troch kamera's sjoen waard yn de Grutte Heechstrjitte.

‏Earder dy nacht kaam de melding dat de stegeportier fan de Alde Doelestege mishannele wie. De fertochte wie hiel dwers by de oanhâlding en liet boppedat alles rinne doe't er yn de sel siet. Om't er him net identifisearje koe, siket de plysje letter út wa't er is. It slachtoffer docht oanjefte.

En in 40-jierrige Ljouwerter is oppakt om't er yn de Klokstrjitte besocht in fyts te stellen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)