Kroech yn Aldskoat stiet fol reek troch pelletkachel

04 mrt 2018 - 07:28

De brânwacht fan It Hearrenfean waard sneontejûn oproppen foar in skoarstienbrân yn kafee It Skoat yn Aldskoat. De besikers stienen al bûten doe't de brânwacht oankaam, want de kroech stie fol reek.

Nei ynspeksje die bliken dat de pelletkachel de oarsaak wie. De kachel is lege, demontearre en feilich steld, de kroech is fentilearre. Net ien rekke ferwûne, der wie inkeld skea troch de reek.


 

(advertinsje)