Auto fljocht yn de brân by Lauwerseach

04 mrt 2018 - 07:19

By Lauwerseach is sneontenacht in auto yn de brân flein. De brânwacht krige om goed twa oere in melding fan in autobrân op de N361. Doe't se dêr oankamen, baarnde de wein as in lôge. De bestjoerder lei yn de buert fan de auto op de grûn. Troch ûnbekende oarsaak is de bestjoerder tsjin in betonblok oanriden en dêrnei is de auto yn de brân flein.

De sjauffeur is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs yn Grins brocht.

 

Trefwurden: 
plysje brân Lauwerseach
(advertinsje)