SC Hearrenfean wint yn eigen hûs simpel fan Willem II

Nei fjouwer wedstriden op rige sûnder oerwinning koene de spilers en supporters fan SC Hearrenfean sneontejûn nei ôfrin fan in kompetysjeduel wer jûchje. De ploech fan trainer Jurgen Streppel wie yn it eigen Abe Lenstra Stadion te sterk foar Willem II: 2-0.
Hearrenfean begûn goed oan de wedstriid en kaam troch in doelpunt fan Lucas Woudenberg op foarsprong. De linkerferdigener skeat fan krekt bûten it sechtjinmetergebiet de bal fia de binnenkant fan de peal efter Willem II-keeper Mattijs Branderhorst. It wie de earste goal fan Woudenberg yn it shirt fan Hearrenfean. Healwei de earste helte wie Reza Ghoochannejhad ticht by in ferdûbeling fan de skoare, mar syn skot gie njonken. Beide ploegen sochten mei in tuskenstân fan 1-0 de klaaikeamers op.
In pear tellen nei it begjin fan de twadde helte wie Ghoochannejhad in stik suksesfoller. Ut in foarset fan Denzel Dumfries makke de Iraniër de 2-0. In healoere foar tiid makke ynfaller Marco Rojas, yn de ploech kaam foar Arber Zeneli, in moaie aksje, mar koe der net 3-0 fan meitsje. In kertier foar it ein fan de wedstriid foel it earste 'kâns' fan Willem II te notearjen, mar spits Fran Sol seach dat syn ynset blokt waard.
Yn de slotfaze barde dêrnei neat mear, wêrtroch't Hearrenfean trije punten riker is.
SC Hearrenfean - Willem II 2-0 (1-0). 13. Lucas Woudenberg 1-0, 46. Reza Ghoochannejhad 2-0. Giele kaarten: Eyong Enoh, Elmo Lieftink (Willem II), Denzel Dumfries (SC Hearrenfean).
Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Pierie, Woudenberg; Schaars, Thorsby, Vlap; Ødegaard (85. Van Amersfoort), Ghoochannejhad (81. Veerman), Zeneli (24. Rojas).