Ariëns einiget yn einklassemint Marathon Cup op twadde plak

F.l.n.r.: Crispijn Ariëns, Sjoerd den Hertog en Robert Post - Foto: Neeke Smit
Foto: Timsimaging.nl
Foto: Timsimaging.nl

Maratonreedrider Crispijn Ariëns is der sneontejûn net yn slagge de Marathon Cup op syn namme te skriuwen. De reedrider út Wolvegea wie de iennige dy't nûmer ien Sjoerd den Hertog yn de stân noch foarby koe, mar yn de lêste maratonwedstriid fan it seizoen einige de klassemintslieder boppe ploechgenoat Ariëns, wêrtroch't Den Hertog it einklassemint wûn.

De wedstriid op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam waard wûn troch Simon Schouten. Bart Swings waard twadde. By de froulju wûn Lisa van der Geest, foar nûmer twa Iris van der Stelt. Beau Wagemaker einige as tredde.

Elma de Vries fan De Haule naam ôfskied fan de maratonsport. Mei har team helle se it twadde plak yn it ploegeklassemint.

03 mrt 2018 - 21:50
(advertinsje)