LDODK wint thús fan KCC en hâldt útsjoch op play-offs

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn yn eigen hûs mei dúdlike sifers wûn fan KCC. Op De Gordyk wie de thúsklup fierstente sterk foar de ploech út Capelle aan den IJssel: 33-22. Troch de oerwinning hâldt it team fan trainer Erik Wolsink útsjoch op it spyljen fan de play-offs.
De earste fjouwer fan de Kuorbal League pleatse harren foar de play-offs. De earste trije binne yntusken bekend: PKC, TOP en Blauw-Wit. De striid om it fjirde ticket giet tusken LDODK en Fortuna. LDODK stiet fiifde en hat ien punt minder as nûmer fjouwer Fortuna.
Der binne noch twa spylronden te gean yn de reguliere kompetysje. Takom freed spilet LDODK tsjin koprinner PKC. De wike dêrop komt DOS'46 op besite.