Follybalsters VC Snits ferlieze út by Sliedrecht Sport

VC Snits © www.dijksfotografie.nl
Nei twa oerwinningen yn de kampioenspûl, ferlear VC Snits sneontejûn de tredde wedstriid yn dizze pûl fan Sliedrecht Sport. De ploech fan waarnimmend trainer Ruut de Wit gie yn trije sets ûnderút yn Sliedrecht: 3-0.
De earste set einige yn 26-24 en de twadde yn 25-19. Yn de tredde set stie Snits twa kear mei fjouwer punten foar, mar dochs gie de set ferlern (25-19). Nei it ferlies fan Snits is Sliedrecht Sport no de koprinner yn de kampioenspûl.