Reedride op natueriis soarget foar ekstra item Iepen Doar(p)

03 mrt 2018 - 20:20

Iepen Doar(p), it audio-fisuele LF2018-portret oer Feanwâldsterwâl, komt snein mei in ekstra item. Oanlieding foar dizze ôflevering is de kjeld fan de ôfrûne dagen wêrtroch't massaal op natueriis riden wurde koe, bygelyks yn Feanwâldsterwâl. It ekstra portret hjit 'Ik heet Sven' en giet oer in 9-jierrich jonkje út it doarp.

Sjoerd Litjens, inisjatyfnimmer fan Iepen Doar(p) leit út wêrom't dit ekstra item makke is: "Door de ligging van Feanwâldsterwâl aan het water hebben veel bewoners van oudsher een voorliefde voor schaatsen op natuurijs, iets wat voor veel Friezen geldt. Als het kan, moet het."

Litjens seach it riden op natueriis as in moaie kâns om nóch in portret te meitsjen. "Tegelijkertijd wordt de kans om op natuurijs te schaatsen met de jaren kleiner. Aangezien we met Iepen Doar(p) de dorpscultuur van nu vastleggen voor toekomstige generaties, konden we de kans om dit belangrijke en mooie deel van die cultuur vast te leggen, niet laten liggen. Daarom dus een bonus-item", seit Litjens.

It item is op de side fan Iepen Doar(p) te sjen.

(advertinsje)