FIDEO: Tips foar âlderen om langer thús wenje te bliuwen

03 mrt 2018 - 18:46

Aldere minsken kinne langer thús wenjen bliuwe, wannear't it hûs der in bytsje op oanpast wurdt. Yn Wolvegea waard in ynformaasjedei organisearre om de ferskillende mooglikheden dêrfoar sjen te litten. Dêrby kin tocht wurde oan in selssûgjende stofsûger of in spesjale wc-bril, mar ek oan in lidmaatskip foar in spesjaal taksybedriuw.

De measte minsken kamen foaral lâns om harren te oriïntearjen. De ynformaasjedei is organisearre troch frijwilligers fan Thuiswonen.nu, út de doarpen De Hoeve, Aldeholtpea, Nijeholtpea en Easterstreek. Dy doarpen binne hurd oan it fergriizjen. Sa'n tritich prosint fan alle ynwenners yn dy doarpen is âlder as 65 jier.

Trefwurden: 
Wolvegea Thuiswonen.nu
(advertinsje)