Hurdfytser Hooghiemster tredde by seizoensûvertuere

03 mrt 2018 - 18:13

René Hooghiemster is sneontemiddei tredde wurden by de Ster van Zwolle. Yn de sprint kaam de hurdfytser út Snits krekt tekoart foar de oerwinning. Hooghiemster moast winner Maarten van Trijp en nûmer twa Jaap Kooijman foargean litte. De hurdfytsers sieten yn in kopgroepke fan seis.

De Ster van Zwolle wurdt sjoen as de iepening fan it hurdfytsseizoen yn Nederlân.

(advertinsje)