FIDEO: Friezen lûke massaal redens oan op lêste iisdei

Reedrydleafhawwers binne sneon yn Fryslân massaal it iis opgien om rûntsjes te riden, waarme poeiermolke te drinken of om moaie filmkes te meitsjen.
Op de Facebook-side fan Omrop Fryslân dielden in soad minsken harren byldmateriaal dat se makke hawwe op wat nei alle gedachten de lêste iisdei fan dizze winter wie.
Omrop Fryslân sette de moaiste en grappichste ynstjoeringen hjirûnder op in rychje.