Rinus de Jong nije skipper Jouster skûtsje Oeral Thús

03 mrt 2018 - 17:02

It skûtsje fan De Jouwer is net langer stjoerleas. Sneontemiddei waard op de algemiene ledegearkomste fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) bekendmakke dat Rinus de Jong de nije skipper is fan de Oeral Thús.

Dêrmei is De Jong de opfolger fan Dirk Jan Reijenga as skipper fan it Jouster skûtsje.

(advertinsje)