ONS Snits yn twadde helte hurd ûnderút tsjin Scheveningen

ONS Snits-spiler Curty Gonzales © www.orange-pictures.nl
ONS Snits hat sneontemiddei de kompetysjewedstriid yn en tsjin Scheveningen mei romme sifers ferlern. Nei trije kertier spyljen stiene beide ploegen noch yn lykwicht, mar nei it skoft moast it team fan trainer Chris de Wagt belies jaan. De Snitsers giene mei 7-2 hurd ûnderút.
Nettsjinsteande it winterwaar kamen Scheveningen en ONS Snits sneon 'gewoan' yn aksje op it troch frijwilligers sniefrij makke fjild. De Snitsers kamen al gau op efterstân. Rein Werumeus Buning kopte de bal ûngelokkich efter syn eigen keeper Volken Huisman, mar even letter makke topscorer Curty Gonzales alwer lyk.
Healwei de earste helte kaam Scheveningen foar de twadde kear dizze middei op foarsprong. It wie Brandon Robinson dy't skoarde. Scheveningen koe hjir ek no net lang fan genietsje, want in minút letter sette Gonzales beide ploegen opnij yn lykwicht.

Gifbeker

Yn de twadde helte kaam ONS Snits foar de tredde kear dizze middei op efterstân. Levi Schwiebbe makke út in strafskop de 3-2. Tsien minuten letter mocht dyselde Schwiebbe opnij fan alve meter oanlizze en opnij skeat er de bal efter Huisman. ONS Snits krige kânsen op de oanslutingstreffer, mar dy kaam der net. Oan de oare kant waard wol skoard. Tim Peters makke yn koarte tiid twa goals en brocht Scheveningen dêrmei op in komfortabele 6-2 foarsprong.
Dêrmei wie de gifbeker noch net leech foar ONS Snits. Scheveningen-spiler Samir el Moussaoui makke der yn de slotfaze sels noch 7-2 fan.
Scheveningen - ONS Snits 7-2 (2-2). 9. Rein Werumeus Buning (e.d.) 1-0, 13. Curty Gonzales 1-1, 23. Brandon Robinson 2-1, 24. Gonzales 2-2, 50. Levi Schwiebbe (pen.) 3-2, 60. Schwiebbe (pen.) 4-2, 64. Tim Peters 5-2, 70. Peters 6-2, 81. Samir el Moussaoui 7-2.