Njoggenfâldich SKS-kampioen Douwe Visser beneamd ta earelid

03 mrt 2018 - 15:16

Ald-skipper Douwe Visser fan Snits is sneon beneamd ta earelid fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS). Visser hat mear as fjirtich jier bemanningslid west op De Sneker Pan. As skipper is er njoggen kear kampioen wurden. Dêrmei is er ien fan de meast suksesfolle skippers út de skiednis fan de SKS.

Visser is yn oktober ferline jier opholden as skipper en hat it helmhout oerdroegen oan syn soan Jappie.

Visser krige in steande ovaasje doe't er op de algemiene ledegearkomste fan de SKS beneamd waard ta earelid. "Ik waard der suver even emosjoneel fan", sei Visser.

(advertinsje)