Spekriderij op de grêft yn Boalsert lûkt soad besikers

03 mrt 2018 - 14:25

Op de grêft fan Boalsert is sneontemiddei spekriderij yn it sintrum. Kloften besikers steane te sjen. Der leit in koarte baan yn fan sa'n hûndert meter. Dielnimmers moatte sa fluch mooglik ride en de prizen besteane út ferskate soarten spek. Spekride is in tradysje en de riders dogge mei op houtsjes.

De iennige froulike dielnimster hie ek âlderwetske klean oan lykas in lange wite ûnderbroek, geitewollen sokken en mofkes fan pake en beppe. "As ik win, en dy kâns is bêst grut, diel ik it fleis my myn famylje. Ik sit op riden, mar dit is wol wat oars op natueriis en houtsjes. Ik mis myn klappers wol, ik glied earst alle kanten op."

(advertinsje)