Lamkes lûke soad besikers op iepen dei boer Sytsma yn Harns

03 mrt 2018 - 12:59

In soad oanrin wie der sneontemoarn by de iepen dei op de pleats fan 'e famylje Sytsma by Harns. It is by de Sytsma's tradysje dat yn 'e maitiid de bern út Harns op besite komme om de kealtsjes en lamkes te besjen. Ferline jier wie nei sa'n skoalbesite op 26 maart in tragysk ûngelok. In auto waard doe grepen troch in trein en in heit en soantsje - beide út Harns - kamen dêrby om it libben. Sûnt dy tiid is de ferkearssituaasje oanpast. De ûnfeilige spoarweioergong ferdwûn en de pleats krige de ôfrûne hjerst lâns de súdkant in nije, feilige ûntsluting.

De Harnzers kinne sadwaande wer feilich op de pleats fan Sytsma komme. Foaral heiten en memmen mei jonge bern makken dêr drok gebrûk fan. Sytsma organisearret de iepen dei omdat er it wichtich fynt dat minsken út de stêd sjen kinne hoe't it om en ta giet op in boerebedriuw. Betide besikers fan de iepen dei troffen it, want om kofjetiid hinne wie der in keallerij. Fierder wienen der ek al in hiel soad lamkes te sjen.

Sytsma wol takommend jier wer begjinne mei de skoalbesites. De iepen dei fan sneon is wol wat mei in dûbeld gefoel: "Al hoe graach je it ek wolle soene, je kinne de tiid net omdraaie. It wurdt elts jier wer maitiid en wy wolle de minsken út de stêd graach meigenietsje litte fan it jonge libben op de pleats."

Trefwurden: 
Sytsma Harns lamkes iepen dei
(advertinsje)