Hûnderten reedriders ride op Iselmar by Hylpen

03 mrt 2018 - 12:36

Op dizze lêste iisdei binne hûnderten reedriders nei Hylpen ôfset om dêr op de Iselmar te riden. Op it iis by de jachthaven binne sa'n 800 minsken, fan jong oant âld op redens. "De measte minsken hâlde it oardeloere fol en dan geane se wer nei hûs om't it wol kâld is. We ha in baan fan 1600 meter makke, mar kinst fierder by it strân del, mar dêr leit sân op," fertelt iismaster Jappe Zweed.

Frijwilligers en minsken fan de iisklup hâlde de feilichheid yn de gaten en ride sels ek rûn. "As der wekken binne, sette we dy ôf mei pionnen en takken." Op in pear lytse ynsidinten nei giet it goed. "Fanmoarn wie in frou út de tiid rekke, se wie mislik. Dy ha we mei in slide fan it iis helle. In man wie fallen en hie wat bloed op it kin. Guon ha al jierren net mear riden."

Wurdearring

De iisklup is wiis mei de besikers, want sa kinne se noch wat ynbarre. "We freegje gjin yntree, mar minsken dogge frijwillich wat yn de bus. It wurdt hiel bot wurdearre." In âldere rydster genietet folop."It is even wennen, want ik ha lang net riden, mar de slach is der noch wol. Earder fleach ik oer alle skuorren en no flean ik der allegear yn. It iis is goed, mar fierderop leit sân en dan smoarst der fuort yn."

Op it iis by Earnewâld en Aldegea is it ek smoardrok op dit stuit. De gemeente hat dêr seis ferkearsregelders ynset om it ferkear op de dyk yn goede banen te lieden.

Trefwurden: 
iis reedriden Hylpen Iselmar
(advertinsje)