"Snitswike moat fan tsien werom nei sân dagen"

03 mrt 2018 - 12:24

De Snitswike duorret tsien dagen, en dat is te lang. Dat fynt de plysje. Ut in evaluaasje fan it evenemint fan foarich jier docht bliken dat de Snitswike tefolle fan de kapasiteit fan de plysje freget. Ek fan de kant fan omwenners en ûndernimmers is der krityk: yn de lêste dagen soargje drank en wurgens foar oerlêst, foaral yn de foarm fan fernielingen.

"Trije jier lyn binne we begûn om in moai slot oan de Snitswike te meitsjen en it wykein der ek by te lûken, mei in slotkonsert op de snein," fertelt Gerard Vellinga fan Sneek Promotion. "De silerij is tongersdeis al dien, mar foar al dy tûzenen feestgongers organisearje we noch konserten. Ut evaluaasjes witte we fan de oerlêst yn de lêste dagen. Dat begryp ik wol, dat it in soad fan de plysje freget. Mei alle belutsenen moatte we nei in passende oplossing sykje. Dit jier giet it noch wol oant en mei snein troch, mar we steane iepen foar in koartere Snitswike. Mooglik kinne we it slotkonsert nei foaren helje."

(advertinsje)