Doeksen past tsjinstregeling oan om leech wetter en iis

03 mrt 2018 - 12:00

Fanwege de ekstreme lege wetterstân op de Waadsee, en ek fanwege it iis dat dêr noch leit, past Rederij Doeksen snein op 'e nij de fartiden fan de fearboaten oan. De boaten farre al de hiele wike mei in oanpaste tsjinstregeling fanwege de waarsomstannichheden.

De boat nei Flylân docht der langer oer as normaal, en de boat nei Skylge set op oare tiden ôf. Fanwege dy oanpassingen binne de bustiden op Skylge ek oanpast.

Trefwurden: 
Doeksen tsjinstregeling
(advertinsje)