WK sprint: Marrit Leenstra stiet fjirde yn tuskenstân

03 mrt 2018 - 13:10

Op it WK sprint is Marrit Leenstra (út Wikel) sneon as njoggende einige op de earste 500 meter yn Changchun yn Sina. Letitia de Jong (út Feanwâlden) waard alfde.

Olympysk kampioene Nao Kodaira begûn sterk op it toernoai. De Japanske rydster sette de konkurrinsje op de earste 500 meter fuort op flinke ôfstân. Se ried in baanrekôr mei 37.23 sekonden. Jorien ter Mors einige as tredde mei in tiid fan 37.97. Angelina Golikova út Ruslân waard twadde.

1000 meter

Letter op de dei is ek de 1000 meter ferriden. Marrit Leenstra ried dêrby in tredde tiid (1.15.31) en se stiet no fjirde yn de tuskenstân. Letitia de Jong waard sechsde op de 1000 meter. Se stiet achtste yn it klassemint. Jorien ter Mors pakte de winst op de 1000 meter mei in tiid fan 1.14.62, in baanrekôr.

Snein

Foar snein steane op 'e nij in 500 meter en 1000 meter op it programma. Kodaira begjint snein oan de twadde 500 meter mei in foarsprong van 0.21 sekonde op Ter Mors, dy't no twad stiet yn it klassemint nei twa ôfstannen.

Manlju

By de manlju giet de Noar Havard Lorentzen oan de lieding. De Nederlanners Kai Verbij en Kjeld Nuis stean der deun efter.

(advertinsje)