Leechsteande pleats yn Broeksterwâld brânt folslein ôf

03 mrt 2018 - 11:26

Yn Broeksterwâld is sneontemoarn in leechsteande pleats hielendal ôfbrând. De brânwacht koe der net maklik by komme, omdat de pleats oan in smelle dyk stiet. Doe't de brânwacht der ien kear wie, wie de brân ek samar út, seit in brânwachtwurdfierder. Net ien rekke ferwûne. 

Hoe't de brân ûntstean koe, is net dúdlik. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
brân pleats Broeksterwâld
(advertinsje)