Gjin melding fan fermiste reedriders by Eanjum

03 mrt 2018 - 11:19

It is noch hieltyd net dúdlik fan wa't de tas mei skuon is dy't freed fûn is by Eanjum. Om't de tas by it iis lei, en omdat der ek reedbeskermers yn sieten, tocht de plysje dat der mooglik reedriders fermist wienen. Mei in helikopter hat de plysje socht op en om it iis by Iezumakeech, mar der is net ien fûn.

Der binne ek gjin meldingen fan fermissingen, meldt de plysje. De tas mei skuon leit no op it plysjeburo fan Dokkum.

(advertinsje)