Ynsitters fûn fan auto dy't by Aldskoat yn it wetter lei

03 mrt 2018 - 11:11

De ynsitters dy't freedtejûn útnaaiden nei't se by Aldskoat mei de auto op de kop yn it wetter rekken, binne telâne. It giet om in frou fan 18, en in jonge fan 17, beide fan It Hearrenfean. De jonge siet achter it stjoer, sûnder rydbewiis. It wie ek syn eigen auto net.

Nei it ûngelok koene de beide slachtoffers op eigen krêft wer op de wâl klimme. In passant hat se nei hûs ta brocht. Doe't de plysje dêr oankaam, stiene se ûnder de dûs. De plysje ûndersiket noch oft de bestjoerder ek dronken hie.

Trefwurden: 
Aldskoat auto wetter plysje
(advertinsje)