Ynternasjonale toppers by kampoenskip Frysk damjen

03 mrt 2018 - 09:33
  • It 'Fryslân Iepen' kampioenskip Frysk damjen
  • Beharkje ús reportaazje oer it toernoai yn Frjentsjer

It 'Fryslân Iepen' kampioenskip Frysk damjen lûkt dit jier grutte ynternasjonale nammen. Al in oantal jierren nimt de populariteit fan de Fryske tinksport oer de grins ta. Sa bestiet it dielnimmersfjild dit jier ûnder oare út Vasyl Ivanchuk út Oekraïne, wrâldkampioen fluchskaken en Jean Marc Ndjofang út Kamerûn, dy't Afrikaansk kampioen is yn it 'gewoane' damjen.

De Fryske fariant is nijsgjirrich foar har, om't it folle lestiger is om yn in remize te einigjen. Mei Frysk damjen meist nammentlik alle kanten opslaan: links, rjochts, achterút, foarút en skean.

It toernoai wurdt spile op twa tallships yn 'e haven fan Frjentsjer. In moai gesicht, mar ek tige kâld. Ndjofang fertelt: "Ik kaam hjir doe't it yn Kamerûn 30 graden wie! Ik ha it skip noch hast net ôf west." It toernoai duorret noch oant en mei snein.

Trefwurden: 
Frysk damjen kampioenskip
(advertinsje)